~ Zeilvereniging Eendracht maakt Macht ~
sinds 1871      

verslagen 2014

EMM Falkesilen 26 oktober 2014.

‘Matich, oan de kust krêftige wyn út it súd súd-easten’ meldt Pyt moarns. Dan is der wyn genôch foar it (hier)falkesilen, liket it. En sa komt it op snein 26 oktober.

Fjirtjin falken, mei in tritichtal leafhawwers melde harren by Annage foar it falkesilen. De start is by Annage, de boppeboei leit suver wat yn de lijte ( lestich mar spannend ) fan it besikerssintrum en de ûnderste boei fol op de wyn yn de buert fan MSK. It hiele efterste Wiid is wedstriidwetter.

Moarns sile wy twa wedstriden. De earste wedstriid is 2 x it Wiid op en del en dan troch de finish. It giet der stevich om ta, mar gjin ûngemakken. Nei eltse wedstriid wikselt elts fan skip. Nûmer ien komt yn de boat fan nûmer lêst, nûmer twa yn boat nûmer 13 en sa fierder. Net alle falken binne itselde en sa komme de bemannings yn ferskate boaten. Wol sa earlik. De twadde wedstriid krektsa, 2x op en del en dan de finish. Dan is it tolve oere.

Liesbeth hat alderhearlikste kluterige snert makke, broadsjes mei woarst en suerkoal ( wa betinkt it, mar wol hiel lekker ) en kofje. In feestmiel nei oardel oere silen.

Middeis ha wy trije koarte(re) wedstriden. Starte, nei de boppeste boei, dan nei de ûnderste en dan nei de finish. Wat in spannning. Ommers hast alle boaten binne de earste loop hast tagelyk by de boppeste boei en foar de wyn wer mei syn allen hast tagelyk by de ûnderste boei en wa komt dan it gaadlikst út foar de finish ! Oei, oei, oei. Bakboard !! Bakboard !!

Peter en Wander hawwe it goed foar inoar en gripe de kânsen. Peter hâldt der ûnderweis al rekken mei yn hokker boat er nei de finish komt. Knap wurk. Jarich sylt mei dochter Berber en se dogge it ek bêst , mar Jarich is ek suver altyd op it wetter fansels. Sietse en Henk binne ek net min oan de gong. It past Sietse wol dat er in manspersoan as fokkenist hat. Wat gewicht op de hege kant kinst wol brûke. Fokke sylt mei Gooitzen en se dogge it sa stiekumwei ek hiel moai, mar silen sit fansels ek wol wat yn it Hoekstralaach. Erik sylt op thúswetter mei Astrid en sylt ek moai foaryn. Johan en Johan hawwe malheur ûnderweis, de pikefal knapt, mar lokkich meie jo de minste wedstriid ôflûke. Hylkje wiist Klaas de wei op it Wiid en sit ek moai middenyn de float.

Roel hat nei de earste wedstriid al sa’n wiete broek, dat er Grytsje skillet om in droege en dy komt yn tûzen hasten. Sander hat tink ik de grutste klok mei om sekuer op tiid Jildou it sein te jaan fan de start. Fonger hat syn Harm mei, handich genôch mar wol oan de lichte kant as fokkenist mei sa’n wyn. Ek as Brecht der noch by yn komt feroaret der net folle. Rinze Pieter, ek skûtsjeskipper en IFKS winner, lyk as Fonger, kin hjoed gjin potten brekke mei Rixt en dochter Janne. Harm en Jelle sile lyk as meast yn de middenmoat sis mar. Christiaan start iderkear moai mei Sjoukje, mar oan de ein toch wer faak nei efteren skood. Tsjamme en Jessica moatte spitigernôch ophâlde en sa komme tretjin skippen nei fiif wedstriden yn de einútslach, dy’t wol hiel bysûnder is:

1e en 7 punten: Peter en Wander

2e en 18 punten: Jarich en Berber / Sietse en Henk / Erik en Astrid

3e en 20 punten: Fokke en Gooitzen

4e en 21 punten: Johan en Johan / Hylkje en Klaas

5e en 22 punten: Sander en Jildou

6e en 26 punten: Fonger, Harm en Brecht / Renze, Rixt en Janne

7e en 28 punten: Harm en Jelle

8e en 36 punten: Christiaan en Sjoukje

9e en 39 punten: Roel en Louter.

De plakken 10, 11, 12 en 13 binne der net. In bysûndere útslach fan in bysûnder moaie silerij.

EMM libbet wer as in hert.

Harm


Valkenzeilen voorjaar 2014

13 april 2014 E.M.M. Valkenzeilen

Zondag 13 april organiseerde zeilvereniging E.M.M. weer het valkenzeilen en in navolging op de herfsteditie werd er weer een hele dag uitgetrokken voor dit evenement. Om 10:30 waren de 10 ingeschreven teams aanwezig bij Skûtsjeverhuur Annage voor het palaver. Het was prachtig weer met een mooie wind uit het west-noordwest. Omdat het dan lastig laveren is op het Earnewaldster Wiid had de organisatie gekozen voor een zandloperbaan. Hierdoor ontstonden er toch nog een paar korte kruisrakjes en de vele boeirondingen boden de zeilers genoeg kansen om zich op tactisch en technisch vlak te onderscheiden van hun tegenstanders.

Na een korte uitleg over de route en de startprocedures gingen de deelnemers het water op. Doordat er maar liefst tien teams zich hadden ingeschreven waren niet alleen de valken nodig van Watersportcentrum de Twirre maar ook een paar van Ulbe Postma. Beide bootverhuurders hartelijk dank voor jullie medewerking!

Vanaf de wal regelden Anique en Barbara de startprocedure en om om 11:15 ging de eerste wedstrijd van start.

Deze wedstrijd werd een prooi voor Jan Muntendam die samen met zijn zoon voor de eerste keer meedeed aan dit evenement meedeed en gelijk zijn visitekaartje afgaf voor de rest van de competitie. Terwijl Muntendam onbedreigd op de eerste plek afstevende was er daarachter een hevige strijd om de twee andere podiumplaatsen tussen de teams van Peter Toering, Sytse Bruinsma Christiaan van der Laan en Fonger de Vlas. Uiteindelijk werd Sytse tweede en Christiaan knap derde. De tweede wedstrijd werd een prooi voor het team van Fonger de Vlas die na een mooie start vrij kon zeilen en met een ruime voorsprong wisten te winnen. Daarachter wist het team van Wietse Visser stand te houden op de tweede plaats en werd het team van Peter Toering uiteindelijk derde door gaandeweg de wedstrijd nog wat plekken op te halen.

Na deze twee wedstrijden was het tijd voor de lunch. Gezellig met z'n allen aan de snert en broodjes worst in de gezellige ruimte van Skûtsjeverhuur Annage. (Ook Annage hartelijk dank voor de medewerking!) Strategiën en tactieken werden besproken en uiteraard de onreglementaire situaties uit de eerste twee wedstrijden uitvoerig en vurig besproken.

Om 13:30 werd er weer gestart. Sietse Bruinsma had de beste start maar werd al snel achterhaald door het uitstekend zeilende team Muntendam. Het team van Christiaan van der Laan en Peter Toering zeilden ook mee voorin. Omdat Muntendam werd gediskwalificeerd omdat ze vergaten in een kruisrak tussen de boeien door te zeilen werd Sytse één gevolgd door Christiaan en Peter werd derde.

De vierde wedstrijd werd wederom een prooi voor de familie Muntendam. De strijd om de tweede en derde plaats werd een heroïsch gevecht tussen team Jurjen & Jurjen en het team van Jan Bruinsma. Uiteindelijk trok Jan Bruinsma onder luid gejuig aan het korste eind maar waren ook Jurjen en Jurjen (de nieuwe aanwinsten op het Earnewaldster Skutsje) tevreden met hun derde plek.

Ook de laatste wedstrijd kreeg de rest van de vloot zeilles van de familie Muntendam die deze wedstrijd weer wisten te winnen. Gelukkig wist het team van Fonger de Vlas gaandeweg de wedstrijd dichter bij te komen. Helaas niet genoeg om ze van de troon te stoten maar zeker voor de toekomst van het valkenzeilen biedt dit aanknopingspunten om dit schier onmogelijk verslaanbare team weerstand te kunnen bieden. Het team van Jurjen & Jurjen werd deze laatste wedstijd weer derde.

Na een schitterende zeilmiddag werden de valken opgedoekt en was het tijd voor de gezellige nazit en de uitslag:

  1. Jan & Wiebe-Durk Muntendam: 6,7

  2. Fonger & Harm(jr.) de Vlas: 11,9

  3. Peter & Wander Toering: 14

  4. Sytse Bruinsma & Henk van der Laan 17,9

  5. Jan Bruinsma & Wolter 18

  6. Christiaan van der Laan & Baukje de B.-Wester 18

  7. Jurjen Sikkens & Jurjen Veldboom 19

  8. Wietze & Harmen Visser 21

  9. Rixt Ytsma & Roelof 31

  10. Tjamme Tilstra en Jessica van der Laan 36

In het najaar is er weer een editie van het valkenzeilen en wel op 12 april. Alle deelnemers die ook aan de voorjaarseditie mee hebben gedaan strijden dan voor het overall klassement voor 2014 en kunnen een prachtige oude E.M.M.bokaal winnen. 

Graag tot dan!