~ Zeilvereniging Eendracht maakt Macht ~
sinds 1871      

Valkenzeilen Najaar 2010

Zondag 10 oktober was het weer tijd voor de E.M.M. Valkzeilwedstrijden. Al jaren organiseert de club in het voor- en najaar deze wedstrijden met polyvalken van Watersportbedrijf De Twirre en Valkverhuur de Alde Feanen van Ulbe Postma. Het geringe onderlinge verschil in snelheid tussen deze huurvalken staat garant voor een eerlijke en spannende strijd waarbij de winnaars zich oprecht de beste zeilers van de club mogen noemen.zeilteken valk

Er werden 4 wedstrijden georganiseerd. De wind was gunstig waardoor er een mooie up-wind , down-wind baan met gate kon worden gezeild op het Earnewâldster Wiid.

De eerste wedstrijd namen Anne Hoekstra en Gerben Dekker al snel de leiding door een puike start onderin. Dat het voor sommige leden nog even wennen was bewezen nieuwkomers de familie Koomen. Die op zich aardig op tijd wisten te starten alleen dit verkeerd om deden en in tegengestelde richting ten opzichte van de rest van het veld vertrokken..

Wedstrijd  twee was er een met een lastige start. De wind was schifterig. Toch wist Sytze Bruinsma door goed starten en laveren op slinkse wijze de kop te bemachtigen. Op korte afstand gevolgd door de rest van het veld. In het tweede kruisrak wisten, de laatste jaren steeds sterker en stabieler zeilende, Roel en Louter met een schitterende slag Sytze en Henk te achterhalen en voorbij te stevenen. Op de finish leek het erop dat Sytze met een handige slag en een opsjitter er alsnog met de eerste prijs vandoor zou gaan ware het niet dat de opsjitter net te snel was ingezet waardoor ze op een halve meter voor de finish stillagen en alsnog werden geklopt door Roel en Louter.
Daarachter was de strijd om de derde plaats ongemeen spannend. De familie Koomen was goed hersteld van het debakel van de eerste wedstrijd en maakten er samen met Harm en Jelle en Anne en Gerben een ware fotofinish van. Gelukkig beschikt de club over hoogwaardige technische apparatuur en kon na bestudering van de beelden de uitslag worden opgemaakt.

De derde wedstrijd was een prooi voor Sytze en Henk. Waren ze twee voorgaande wedstrijden al mooi voorin. Nu wisten ze met een redelijke start en een schitterend eerste kruisrak de concurrentie van zich af ter schudden om ze vervolgens helemaal zoek te zeilen. De driemansformatie rond sterzeiler Jan Bruinsma (zoon van.) begon ook langzaam zijn draai te vinden en eindigde verdienstelijk op de tweede plaats.

De spanning in het klassement voor de eerste plek was de laatste wedstrijd een beetje verdwenen omdat Sytze en Henk er erg goed voor stonden. Maar de strijd om de tweede en derde plaats was nog volledig open. De spanning was van gezichten van de zeilers af te lezen. Eer een eeuwige roem stonden op het spel en daar kan niet lichtzinnig  mee worden omgesprongen.
Wat je bij het skûtsjesilen nog wel eens ziet is dat spanning tot valse starten leidt maar niet in het geval van de vakbekwame zeilers van EMM. Deze getrainde wedstrijdzeilers wisten in de finale gelijk goed te starten.

Met wederom een goede start voor Sytze en Henk maar ook zeer goed weg in het midden van het veld waren Jan Bruinsma, Renee Jansen en Jakob Eelkema. Zij namen de leiding (ook mede door een onverklaarbare slag van Sytze en Henk) om vervolgens uitbundig juichend als eerste de finish te passeren.
Maar eigenlijk kwam iedereen juichend over de finish. Het was mooi weer die dag. De stemming opperbest en iedereen voelde zich een beetje winnaar. Er werd nog even gezellig nageborreld aan de zwaardtafels van Annage en de schitterende prijzen werden verdeeld. Het was weer een zeer geslaagde middag!

Uitslag
1.    Sietse Bruinsma en Henk van der Laan
2.    Renee Janssen, Jan Bruinsma en Jakob Eelkema
3.    Anne Hoekstra en Gerben Dekker
4.    Harm de Vlas en Jelle van der Meulen
5.    Roel van der Weg en Louter van de Kolk
6.    Dirk Koomen, Jessica Koomen en Maarten Koomen
7.    Christiaan van der Laan en Jessica van der Laan

Namens de wedstrijdcommissie
Fonger de Vlas


Valkenzeilen Voorjaar 2010

Een nieuw voorjaar geeft ook het eerste activiteit van de zeilvereniging weer aan, het valkzeilen.

zeilteken valk

Op zondag 18 april 2010 ging het zeilseizoen voor de EMM weer van start. Met een deelname van 8 boten ging de wedstrijd om 13.30 uur van start. Er werden 4 wedstrijden gezeild met een zuidwesten wind.
Op de kant van rondvaardij MSK-Frisia was een gate gemaakt, waar de deelnemers zelf konden kiezen welke boei ze zouden nemen.

De eerste wedstrijd werden Fonger en JP eerst. In de tweede wedstrijd werden Peter en Atsje eerst. De derde en vierde wedstrijd werden gewonnen door Roel en Louter. De slechtste wedstrijd kon er niet vanaf worden getrokken. Zodoende werden Peter en Atsje eerst.  

Uitslag Valkzeilen voorjaar 18 april 2010
1. Peter Toering en Atsje Bruinsma
2. Roel van der Weg en Louter van der Kolk
3. Fonger de Vlas en JP Herrema
4. Christiaan van der Laan, Jessica van der Laan en Amber ????
5. Sietse Bruinsma en Henk van der Laan
6. Gjald de Jong, Klaesje???? en Johan ????
7. Jacob Eelkema en Auke Eelkema
8. Harm de Vlas en Jelle van der Meulen

Namens het bestuur
Tjamme Tilstra


zomer 2010

Skûtsjesile mei de bern

De simmerfakânsje wie wer dien. De twadde woansdei dat de bern wer hinne moasten, mochten de bern fan de syllessen wer mei op it Earnewâldsterskûtsje “Twee Gebroeders”. As twadde skûtsje wie it skûtsje “Nieuwe Zorg” fan André Wiersma. Sa koenen moai alle bern fan it bernesilen, it jeugdsilen en noch wat oare bern en âlders mei te skûtsjesilen. Dat op woansdeitejûn 8 septimber moasten de bern harren melde by it Otterbyld op 'e âlde slûs. De bern moasten krekt as mei de sylles in swimfest oan ha.

zeilteken EAs sylferiening binne wy der tige wiis mei dat de bern mei meie op de skûtsjes. Seker no’t Earnewâld sa bêst syld hat mei de SKS. In fjirde plak yn it ein klassemint. Mar beslist net minder is it skûtsje fan ús foarsitter André Wiersma, want hy waard mei de IFKS tredde yn ‘e lytse A klasse. .De bern kinne op dizze wize moai sjen hoe’t it oanboard fan it skûtsje om en ta giet. Mar fansels ek ûnderfine hoe’t is om de skoat te hâlden fan sa grut seil of it helmhout beet te hâlden.

Krekt as oare jierren moasten de bern harren om sân oere by it Otterbyld melde. Dêr krigen se fan Atsje Bruinsma in swimfest oft se net ien meinaam hiene. De swimfesten koenen krekt as mei de lessen brûkt wurde fan sylskoalle De Twirre.

Om tsien oer sânen waarden de skûtsjes lossmiten. De skûtsjes setten tagelyk fan ‘e wâl, mar waarden al gau fan elkoar los makke. Op beide skippen waarden doe de seilen omheech draaid. As bemanning hie Gerhard Pietersma, Sytze Westerdijk, Bouwe Westerdijk, Remkes Veenje en Kees Steneker. Foar de begelieding fan de bern wiene Pieter Westerdijk, Fedde Veenje en Jessica Koomen mei. Fan de ynstrukteurs wie Tjamme Tilstra mei oanboard.
De bern en jeugd dy’t fan de syllessen mei wienen wiene, Lammert Westerdijk, Allert Visser, Jur Veenje, Boukje Westerdijk, Agnes Westerdijk, Lieke Janssen, Grietsje de Boer en Annemaj Muiser. Oan board fan de Nieuwe Zorg gongen as begelieding Peter Toering en Judith Janssen mei en Roel van der Weg gong fan de ynstrukteurs mei. Atsje bleau op ‘e wâl achter, sy woe dizze kear net mei.
De bern dy’t fan it bernesilen mei wienen wiene Imkje Postma, Jitske Terpstra, Geale Postma, Ellis Muiser, Maarten Koomen, Jessica van der Laan en de ekstra bern dy’t mei gongen wiene Klaske Terpstra, Karst Kleinhuis en Sjouke Postma.

Om te silen stie der in moai koeltsje. De beide skûtsjes setten troch de Ulekrite de Sânemar op. It skûtsje fan Earnewâld gong foarop. Dêr rekken se elkoar kwyt. André die in slach oer de Sânemar en sette doe rjochting de Folkertssleat. Gerhard sette mei it Earnewâldsterskûtsje op nei de Langesleatten. Der waard oant de Saiterpleats ta krúst en doe foar it lapke wer en mei in slach oer de Sânemar de Ulekrite troch wer werom nei Earnewâld.

Troch de dochs wol aardige pûster leinen de skûtsje aardich op ien ear. Foar de bern in aardichheid sy wienen oan it glydzjen op it foar dek. Der waard net allinne glieden de bern moasten ek wat dwaan. Op Earnewâld siet Jur oan it roer en de neven Allert en Lammert holden de skoat. Mar om’t der wol aardich wyn stie namen de grutten it al gau wer oer. Pieter siet by it swurd en Fedde moast Sietse helpe by de fok. De froulju fermakken har wol oanboard. Ek de grutten wol, mar Grietsje moast wylst wol mei de feint sms’e.

Om kertier oer achten wienen de skûtsjes werom yn de âlde slûs. Fedde hat Sietse holpen mei it oprêden fan de fok. Om’t Atsje net mei west wie mar Judith wol, koene de bern de swimfesten by har ynlevere en mochten se nei hûs.

De sylferiening betanket de skippers en harren bemanning wer tige. Foar de bern wie it wer in ûnferjitlike jûn. Graach oant oar jier wer.

Ut namme fan de sylferiening
Tjamme Tilstra


zomer 2010

Merke & ballonnewedstriid

It útstel yn de jiergearkomste ta it oerdwaan fan de merke oan Earnewâld Promoting, gong fan 't jier noch net troch. Organisatoarysk wie it better om it in jier út te stellen. Dat no nei 140 jier is der ein kaam oan de merke ûnder de flagge fan sylferiening EMM.

De merke waard freed 23 july opboud en woansdei 28 july wie der moarns foar de bern de draaimûne. Sa koene de lytse bern ek harren wille fan de mûne ha.

De bern kamen fansels net allinne foar de draaimûne, mar ek foar de ballonnen. Doe’t elts in kaartsje ynfolle hie foar oan de ballon, hellen Anneke Riemersma, Bouwe Riemersma en Tjamme Tilstra de ballonnen.

Dizze kear wie it net oars as oars dat by it útdielen lieten de earste bern al de ballon mei kaartsje ûntsnappe. Doe’t alle ballonnen útdield wienen en kaartsje oan de ballon knope sieten, wie it safier. It Pizelplak stie noch fol mei de tinte en ark fan de feestjûn, dat bern en âlders op de dyk der omhinne en guon bern sieten op de boartsersboat. Doe’t elts in ballon hie mochten de ballonnen los. Doe’t de bern de ballonnen neisjoen hiene, mochten se wer yn ‘e draaimûne.

Fan alle kaartsjes binne der troch de post fjouwer wer brocht. Twa fan bern en twa fan grutten.

Utslach ballonnewedstriid 2010
1. Boukje Westerdijk út Earnewâld  -  Nieuwe Pekela
2. Fardau Visser út Earnewâld  -  Oude Pekela

De slachrjemmetaart by de grutten is wûn troch Janke Hoekstra út Earnewâld. De ballon kaam yn Nieuwe Pekela Oast-Grinslân telâne. It oare kaartsje wie fan Jan Adema, sines kaam werom ek yn Nieuwe Pekela, mar yn in oare strjitte.

Ut namme fan de Merkekommisje
Tjamme Tilstra

Namens het bestuur
Tjamme Tilstra